Winkelwagen

De nacht fan Mare

De nacht fan Mare

€19,50 + €2,96 geschatte verzendkosten (Nederland)

De nacht fan Mare

van Willem Schoorstra

Beschikbaarheid: Geen fysieke voorraad, order wordt gedrukt- levertijd onbekend

  • 14 dagen bedenktijd
  • 100% tevredenheid gegarandeerd
Mare, santjin jier, iennichst bern, beskerme grutbrocht yn in begoedige húshâlding. Thomas, twaentweintich jier, soan fan in kroechbaas en op 'e syk nei syn plak yn de weareld. Dat binne de haadpersoanen yn dizze nije roman fan Willem Schoorstra. Se moetsje inoar ein jierren santich yn Ljouwert, by it legindaryske konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún. Tsjin in dekôr fan rock 'n roll, polityk bewustwêzen en seksuele útspattings en represje ûntjout him in relaasje dy't alles mei ferslaving te krijen hat. 'De Nacht fan Mare is, nei twa histoaryske romans, opnij eigentiids wurk fan Willem Schoorstra. In boek dat de lêzer fuortendaliks by de lurven krijt, om dêrnei net wer los te litten.' Ut de ynhâld 'Ik moat my noch even deljaan,' sis ik tsjin him, wylst ik op it matras krûp. 'Komst by my te lizzen?' 'Jawis,' antwurdet er. Hy laket en hellet de tonge suggestyf oer de lippen. 'Echt net. Dyn lul triuwt tsjin dyn harsens. Kom.' Ik draai my op 'e side en hy giet tsjin my oan lizzen. Hy slacht de earm oer my hinne, de skonk. Op slach fiel ik my beskerme. In oester yn in skulp. Hy hat macht oer my. Mar syn macht is in soarte fan yntimiteit, wy steane inoar nei, tusken ús is alles dúdlik.
ISBN 9789492457110
Hoofdtitel De nacht fan Mare
Ondertitel
Commerciële titel De nacht fan Mare
Categorieën Fries
Druk 1
Verschijningsvorm Paperback / softback
Verschijningsdatum 17-10-2017
Uitgever Het Nieuwe Kanaal
Auteur Willem Schoorstra
Imprint Het Nieuwe Kanaal
Taal Western
Illustraties Nee
Pagina's 272
Gewicht 377 gr
Formaat 210 x 140 x 25