Winkelwagen

Dreaun fan ierdeÂ’ dream

Dreaun fan ierdeÂ’ dream

€35,00

Dreaun fan ierdeÂ’ dream

van Philippus Breuker

Beschikbaarheid: Op voorraad

  • Gratis verzending
  • 14 dagen bedenktijd
  • 100% tevredenheid gegarandeerd
It libben fan Obe Postma hat ryk west. Hy hold him yntinsyf dwaande mei sokke ferskillende dingen as de wis- en natuerwittenskippen, de filosofy en de psychology, de dichtkeunst, de skiednis en it ûnderwiis. Syn wittenskiplik wurk is ynbêde yn ynternasjonale ferbannen. Syn dichtwurk jout sicht op ynfloedrike poëzy. Hy hat syn besibbens mei de grutte tinkers en dichters fan syn tiid herkend, har lêzen en ferarbeide, en mear as ien en twa wrâldferneamde Nederlânske gelearden hat er persoanlik kend. Yn de poëzy hawwe Rilke, Emily Dickinson en de klassike Sineeske dichters him tige nei lein. Tsjinstellingen wiene der ek. Hy hong oan it libben, woe lokkich wêze en diel útmeitsje fan in ienheid, mar wie folslein in man op himsels. By alle geleardheid is de grûntoan fan syn bestean mankelikens en syn libben is tekene troch ûnrêst en begearen. It wie in dreaun man. Hy moast wurkje, hy koe net oars. Oan de ein fan syn libben sei er: ‘Mar ik haw dien wat ik moast’ en dêr bedoelde er mei dat er it ûnmooglike neistribbe hie. Hy hat it grutte neistribbe. Miskien wie it ek wol in grut man. Hy wurdt ommers net allinnich ûnder fakgenoaten respektearre, mar as dichter hat er ek trouwe leafhawwers yn grutter rûnten. Hy krige de beide heechste Fryske provinsjale prizen op it gebiet fan literatuer en wittenskip, in unikum yn de skiednis oant hjoeddedei ta. Yn de Fryske kultuer nimt er in bliuwend plak yn. Hy sil noch lang ynspiraasje en herkenning jaan. Ph. H. Breuker wie heechlearaar yn Leien en Amsterdam en hat him jierrenlang dwaande holden mei de stúdzje nei libben en wurk fan Obe Postma, ek yn syn tiid oan de Fryske Akademy.
ISBN 9789492052506
Hoofdtitel Dreaun fan ierde’ dream
Ondertitel Libben en wurk fan Obe Postma
Commerciële titel
Categorieën Biografieen van kunstenaars
Druk 1
Verschijningsvorm Hardback
Verschijningsdatum 18-12-2018
Uitgever Wijdemeer Louw Dijkstra
Auteur Philippus Breuker
Imprint Wijdemeer Louw Dijkstra
Taal Western
Illustraties Ja
Pagina's 320
Gewicht 1030 gr
Formaat 247 x 175 x 34