Cart

Moard yn tsjerke

Moard yn tsjerke

€16,50 + €2,96 est. shipping (Netherlands)

Moard yn tsjerke

by Meindert Bylsma

Availability: not in stock, order will be printed- delivery time unknown

  • 14 Days Return
  • 100% Satisfaction Guarantee
De koster fan in tsjerke makket alles ree foar de ynspeksje fan ’e grêfkelder dy’t ûnder it gongpaad foar de preekstoel leit. Yn dy kelder lizze bonkerakken fan trije froulju fan boere-adel. Dy ynspeksje moat alle jierren dien wurde. Dat is fêstlein yn in âld testamint. Hjoed de dei wurdt der in lyts feestlik barren fan makke. Op in stuit is, op ien nei, elkenien oanwêzich. De koster iepenet it lûk alfêst mar. Hy jout in alderheislikste gjalp. Op ’e trep nei de kelder leit in lyk. Wurk oan de winkel foar brigadier-resjersjeur Liuwe Bekkema en haadplysje-resjersjeur Lukas Roosjen. De beide mannen binne folslein ferskillend fan aard. Se jouwe inoar gauris stekken ûnder wetter en Bekkema moat Roosjen regelmjittich wer by de les lûke, mar se kinne as de blommen. Op it buro wurde se dan ek “De Blomkes” neamd. Se dûke fuort yn dizze aparte saak. Al gau komme se bysûndere dingen tsjin en dy roppe wer allegearre fragen op. Wat is de rol fan de eardere koster? Wêrom wie de tsjerke net ôfsletten? Wat stiet der eins krekt yn it testamint? In spannend en fermaaklik aventoer. It is it tredde diel yn in searje oer “De Blomkes”. Earder ferskynden Allegearre snie en Moard yn ’e hite hei.
ISBN 9789463653985
Title Moard yn tsjerke
Subtitel
Title(C)
Category Detective
Edition 1
Appearance Paperback / softback
Publication Date 07-12-2021
Publisher Elikser B.V. Uitgeverij
Author Meindert Bylsma
Imprint
Language Western
Illustraties Nee
Pages 115
Weight 183 gr
Format 210 x 145 x 11